Kursus earste help by psychyske problemen; lústerje sûnder oardiel

05 jun 2018 - 06:59

"Ik denk dat de meeste mensen gewoon niet weten wat ze moeten doen, deze cursus MHFA leert je hoe te handelen." Dat seit Iris ten Wolde fan de GGZ. Sy jout sûnt koart Mental Health First Aid, earste hulp by ûngemakken. Ungemakken yn de holle.

Foto: Shutterstock

De kursus is oerwaaid út Australië en yntusken wurdt er yn 23 lannen jûn. Sûnt koart ek yn it noarden fan ús lân troch de GGZ Fryslân. MHFA, Mental Health First Aid. De kursus leart je hoe't je sinjalen werkenne kinne fan de meast foarkommende psychyske problemen. En wat je dan dwaan kinne.

We leiden je niet op als hulpverlener. We leren je eerste hulp te bieden.

Iris ten Wolde, kursuslieder MHFA by de GGZ

Je leare wat je dwaan kinne as je in betize persoan op strjitte tsjinkomme. Al ha se it op de kursus leaver oer de persoan mei ûnbegrepen gedrach. Want 'betize persoan' jout minsken fuort in stimpel. En dat soene we as maatskippij net dwaan moatte, fine de kursuslieders. As earste leare je yn te skatten oft it giet om in krisissitewaasje (dan fuort 112 belje) en hoe't je de persoan benaderje kinne. "Denk altijd eerst aan je eigen veiligheid", sizze de kursuslieders. Feit; de measte minsken mei betize gedrach binne net dieder, mar faker slachtoffer fan geweld. Mar as ien it kontakt mei de werklikheid kwyt is, dan kinne je de persoan better net oansprekke. Ut angst soe dy dan agressyf reagearje kinne.

Mar je leare ek de sinjalen fan in panykoanfal te werkennen of hoe de buorfrou oan te sprekken dy't oars altyd sa fleurich wie, mar no hieltyd faker de gerdinen ticht hat. Mar ja, hoe dogge je dat dan? Want it fielt ek wol wat ûngemaklik om op ien ôf te stappen. Iris ten Wolde jout alffêst in tip.

Yn Fryslân is it tal meldings fan persoanen mei betize gedrach ôfnaam yn 2017 as je dat fergelykje mei 2016: mei 16,3 persint. Yn Ljouwert yn 2017 krige de plysje 1078 kear in melding fan in persoan mei betize gedrach. Yn 2016 wiene dat der folle mear: 1629. It giet om meldings, net om persoanen. Dus ien persoan kin faker foar de saneamde E33 melding soargje. Sjoch hjir foar in oersjoch fan de sifers fan de plysje.

De dielnimmers oan de kursus hawwe allegear in ferskate achtergrûn. De ien wurket yn de soarch, de oar wol gewoan graach minsken helpe kinne. De kursus is, sa seit Iris, foar elkenien dy't interesse hat yn minsken. "We leiden je niet op als hulpverlener. Maar na deze cursus kun je wel eerste hulp bieden. Belangrijk in een maatschappij waarin steeds meer mensen onder de toenemende druk bezwijken." Ferslachjouwer Miranda Werkman folge de kursus ek. Se fertelt yn Fryslân Hjoed wat se leard hat.

Mear ynformaasje oer de kursus is te finen op de webside fan de GGZ.

(advertinsje)