Tekoart sosjale wurkfoarsjenning fan krapoan twa miljoen

05 jun 2018 - 06:14

Der is in tekoart fan 1,8 miljoen euro op de begrutting fan de sosjale wurkfoarsjenning Fryslân. Dat makke wethâlder Jack Jongebloed moandeitejûn bekend yn de riedsgearkomste fan Weststellingwerf. It tekoart komt ûnder oare troch hegere leankosten. Ek de ferfierkosten foelen heger út as tocht.

De gemeenteried joech oan oerfallen te wêzen troch it nijs. De ried wol dat it deistich bestjoer fan de sosjale wurkfoarsjenning oanjout hoe't it tekoart oplost wurde kin. De partijen fiele der neat foar om no al as gemeente it probleem op te lossen.

It gemeentehûs fan Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
(advertinsje)