Furdjel Narsingh mooglik nei De Graafschap

04 jun 2018 - 22:56

Furdjel Narsingh is yn petear mei De Graafschap oer in nij kontrakt. De oanfaller koe by Cambuur in kontrakt tekenje ûnder nije betingsten, mar gong dêr net mei akkoart. By De Graafschap soe Narsingh werienige wurde mei Henk de Jong en Sandor van der Heide, dy't hy earder as trainer by Cambuur hie. De Graafschap promovearre dit jier nei de earedifyzje.

De lêste jierren spilen blessueres in grutte rol by Narsingh. Fan 2014 oant 2016 spile hy by Cambuur. Dêrnei spile hy efkes by earsteklasser Blauw Wyt.

(advertinsje)