Wa hat Hindrik syn auto op de kop set?

04 jun 2018 - 21:25

Hindrik Visser fan Broeksterwâld is op syk nei de minsken dy't sneon syn auto op de sydkant set hawwe. Dat barde op in oldtimerfestival yn Rinsumageast. Op Facebook freget Visser oft der ek tsjûgen binne.

Foto: Hindrik Visser

Hindrik hie meidien mei de trekkertrek en brocht earst de trekker wer nei hûs ta. De bedoeling wie om mei in taksy nei it festival werom te gean en dan mei freonen in pear bierkes te drinken.

Dyn auto leit oer de kop.

Broer fan Hindrik Visser

Op in stuit fertelde syn broer dat syn auto oer de kop lei. It wie al let en dêrom hat er der neat mei dien. Hy is doe mar op bêd gien, want hy koe der dochs neat mear oan dwaan en "Ik mocht ek net mear ride, want ik hie tefolle bierkes hân."

Mei in pear minsken hawwe se de auto de oare dei wer rjochtop set. De auto moat op syn sydkant set wêze troch in groepke minsken dy't wat útheve woene, tinkt Hindrik.

De auto hat skea. It sydrút fan de auto leit derút en de sydkant fan de auto hat ek skea. De auto woe noch starte en doe hat Hindrik him mar nei hûs ta riden.

Oanjefte plysje

Moandei hat Hindrik oanjefte dien by de plysje. Dy sei dat se net folle dwaan kinne. Omdat de saak der sterker op wurdt, as der tsjûgen binne, hat Hindrik it op syn Facebook set mei in oprop foar tsjûgen om harren te melden. Se hoege net bang te wêzen, seit Hindrik. "Dan prate wy der efkes oer." Der auto hat skea en Hindrik is net fersekere.

Hindrik siket tsjûgen dy't mear witte oer syn auto oer de kop

De Facebook-oprop fan Hindrik Visser - Foto: Hindrik Visser
(advertinsje)
(advertinsje)