Fertraging op A32 tusken Reduzum en Grou nei ûngelok

04 jun 2018 - 21:18

Ferkear op de A32 tusken Reduzum en Grou rjochting It Hearrenfean moat moandeitejûn rekken hâlde mei fertraging. De linker rydstrook is dêr ôfsletten nei in ûngelok. In buske leit troch noch ûnbekende oarsaak ûndersteboppe op de dyk.

Hoe lang't de fertraging duorret is noch net dúdlik, mar neffens Rykswettersteat kin it bergjen fan it buske en it skjinmeitsjen fan de dyk noch wol wat tiid yn beslach nimme.

Trefwurden: 
ûngelok Grou Reduzum A32
(advertinsje)
(advertinsje)