Foarsitter Fred Veenstra: feriening Fryske gemeenten wurdt belangriker

Gemeente De Fryske Marren © Omrop Fryslân
De feriening Fryske gemeenten VFG krijt it de kommende jierren drok. Dat ferwachtet boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren, de moandei keazen nije foarsitter fan de feriening.
Fanwege it sosjale domein, de omjouwingswet en ûntwikkelings op it mêd fan lokale demokrasy komt der in soad op de gemeenten ôf. Fanút de mienskipsgedachte kinne Fryske gemeentes wolle mear oaninoar hawwe, as se saken mear op inoar ôfstimme en ek mear kennis mei-inoar diele.

F18 nei de 18 gemeenten

Yn syn 'ferkiezingstaspraak' die Veenstra fuortendaliks in suggestje foar in nije namme fan de feriening Fryske gemeenten. Wat Veenstra oanbelanget giet de feriening fierder as 'F18'. Fryslân hat mei yngong fan 2019 noch achttjin gemeenten en dan is F18 in moaie passende namme, seit Veenstra.

"Moaie miks"

Njonken Veenstra waarden ek ferskate oare bestjoerders nij yn it bestjoer keazen. It giet dan om wethâlder Caroline de Pee fan Waadhoeke, boargemaster Roel Sluiter fan Harns, wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel, boargemaster Bert Wassink fan Skylge en wethâlder Herwil van Gelder fan Ljouwert. "In moaie miks fan bestjoerders dy't der mei-inoar oan lûke wol", sa seit Veenstra.
Foarsitter Fred Veenstra fan de Feriening fan Fryske gemeenten