Toanielstik oer Waadfûgel mients yn premjêre yn Tytsjerk

Theo Smedes as Mient(s) yn it bernetoanielstik 'Kanoet' fan Pier 21 © Omrop Fryslân
De mients (kanoet) is mar in lyts fûgeltsje, en der binne in soad minsken dy't noch nea fan it bistje heard hawwe. As it oan toanielselskip Pier21 leit komt dêr feroaring yn, want moandei gie yn Tytsjerk it bernetoanielstik 'Kanoet' yn premjêre.
It stik giet oer de jonge Mient mei syn fûgelgekke heit. Mient sil syn heit helpe by in sprekbeurt oer de mients (kanoet), mar as syn heit net opdaagjen komt, moat Mient op eigen wjukken fleane.
Yn de foarstelling fan sa'n 40 minuten wurde de bern in soad gewaar oer it bysûndere libben fan de kanoet, dy't as jonge fûgel de lange reis ûndernimt fan Sibearië nei it Waadgebiet.
It is foar selskip Pier21 de earste berneproduksje. Pier21 hat dêrom de gearwurking socht mei jeugdteäterselskip Garage TDI út Assen. Pier21 sil de foarstelling op skoallen yn Fryslân, Grinslân en Drinte spylje. De earste reaksjes binne goed. De bern libje mei de foarstelling mei en leare fan alles oer dat bysûndere lytse fûgeltsje. David Lelieveld fan Pier21 kaam troch it bywenjen fan in presintaasje fan trekfûgelprofessor Theunis Piersma op it idee om in bernefoarstelling oer de mients te meitsjen.

Professor Theunis Piersma spilet de fûgelgekke heit

Piersma spilet sels de ôfwêzige heit yn de foarstelling, dy't sa út en troch oer de tillefoan fan him hearre lit. 'Kanoet' is fierder in solo-foarstelling. Akteur Theo Smedes spilet de rol fan soan Mients, dy't yn de rin fan de foarstelling ek hieltyd mear yn de hûd fan it fûgeltsje mients krûpt. De foarstelling liket goed oan te slaan. Basisskoallen yn Noard-Nederlân hawwe mei-inoar al mear as hûndert foarstellingen boekt.
Beharkje ús reportaazje oer de Fryske premiêre fan 'Kanoet'
Toanielstik oer Waadfûgel mients yn premiêre yn Tytsjerk