Oranjewoud Festival wol Oerol net achternei

04 jun 2018 - 19:44

It Oranjewoud Festival hat gjin ambysje Oerol achternei te gean. Dat seit Yoram Ish-Hurwitz, artistyk leider fan it festival yn Oranjewâld. Hy is de betinker en oanjeier fan it muzykfestival mei klassike muzyk dat sûnt 2012 bestiet.

Hurwitz fynt dat syn festival lytsskalich bliuwe moat. Gewoanwei duorret it in lang wykein. Ferline jier wie it fiif dagen, en dit jier duorret it tsien dagen fanwege Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. Mear as hûndert foarstellings binne te beharkjen en besjen. Ofrûne wykein wie it drok. Ek dit wykein wurdt wer in soad folk ferwachte.

(advertinsje)
(advertinsje)