Boargemaster Bilker makket him soargen oer de nije gemeente Noardeast-Fryslân

04 jun 2018 - 19:43

De nije gemeente Noardeast-Fryslân is net yn balâns. Dat sei boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân moandei yn It Polytburo. Syn gemeente sil fusearje mei Dongeradiel en Ferwerderadiel, mar Dantumadiel docht net mei, ta teloarstelling fan Bilker. Hy makket him soargen oer it lytse Dantumadiel, dat it neffens him op termyn selsstannich net oprêde sil.

De nije gemeente Noardeast-Fryslân, mei Dokkum as haadplak, giet fan ien jannewaris ôf fan start. Ein novimber binne der earst noch gemeenteriedsferkiezingen.

(advertinsje)