Harns noch net folslein klear foar cruiseskippen

04 jun 2018 - 18:32

De nije steger foar cruiseskippen yn Harns waard snein ynwijd troch it 134 meter lange skip Star Breeze. Dat lei fan sneintemoarn 8.00 oere oant en mei 15.00 oere oan yn de Harnzer haven. De Star Breeze hat goed twahûndert gasten oan board. It skip is ûnderweis fan Amsterdam nei it de Sweedske haadstêd Stockholm.

Doe't de gasten sneintemoarn oankamen yn Harns, gie in lyts part mei de bus nei de Ofslútdyk. It grutste part gie de stêd yn, mar dêr wie net in soad te rêden. Allinnich de hoarekasaken wiene iepen. De winkels bleaunen snein ticht.

Er moeten meer winkels open zijn.

Wethâlder Paul Schoute fan Harns

Om dat yn de takomst foar te kommen, is de gemeente mei de ûndernimmers yn petear. "Dat zijn wel dingen waaraan we moeten werken", seit wethâlder Paul Schoute. "We moeten met de ondernemers proberen gezamenlijk beleid te ontwikkelen, zodat er meer winkels open zijn."

Utstalling yn Entrepotgebou

Neffens de ûndernimmersferiening Ondernemend Harlingen hawwe guon winkellju harren wol sjen litte kinnen oan de cruiseskipgasten. In oantal ûndernimmers stie mei harren guod yn it Entrepotgebou, dat flak by de cruisesteger yn de Willemshaven fan Harns stiet. De ûndernimmersferiening hopet yn de takomst iepen te kinnen as der ekstra gasten ferwachte wurde fan cruiseskippen. "Er wordt samen met de ondernemers gekeken welke wensen en behoeften er zijn en hoe we daar in gezamenlijkheid goed op in kunnen spelen. Mogelijk hoort openstelling van de winkels op tijden dat deze gesloten zijn daar dan ook bij", lit de feriening witte.

Grutte cruiseskippen kinne fan maart ôf oanlizze oan in spesjale driuwende steger. Dy leit yn de Willemshaven yn Harns. Under it foarige kolleezje fan boargemaster en wethâlders is it plan klearmakke. De totale kosten dêrfan binne 2,8 miljoen euro. Dit jier komme der totaal trije of fjouwer grutte cruiseskippen. Foar folgjend jier binne der ek al fjouwer rederijen dy't tasein hawwe.

Foto: Omrop Fryslân

Ik hoorde Amerikaanse en Australische tonen

Wethâlder Paul Schoute rûn snein by de Harnzer terrassen del

Aktiviteiten

Dochs hawwe de gasten fan it cruiseskip harren goed fermakke yn Harns, neffens Schoute. Guon hawwe in stedskuier makke, oaren in boattocht troch de sted en ek it Hannemahûs krige besite. Sa hat in grut part fan de besikers wol in goed byld fan Harns krigen yn de tiid dat se yn de stêd west hawwe.

(advertinsje)
(advertinsje)