Op fakânsje nei Irak? Wêrom net

Rik Brinks, Fries om utens, organisearret mei syn bedriuw Culture Road reizen nei gebieten dêr't jimme heit en mem net wolle dêr'tst hinne giest. Kinst tinke oan oarlochsgebieten of oare gebieten dy't yn it ferline lang net feilich wiene
Rik Brinks Reizen
Brinks hat foar syn reisburo in trip nei Irak makke om in virtual reality-filmke te meitsjen oer it lân. Minsken hawwe faak in fierstente negatyf byld fan Irak. Mei in virtual reality-bril kin Rik dat byld feroarje by klanten. Dêrom wie er yn Irak mei in filmbedriuw. Se hiene 360 graden-'rûnom'-filmkes makke yn Irak om minsken te oertsjûgjen fan it lân.
Wat foar froulju miskien noch 'in ding' is, is dat se yn guon lannen ferplicht in holledoek op hawwe moatte.