Jurgen Streppel kandidaat-trainer by Almere City

04 jun 2018 - 17:22

Jurgen Streppel is kandidaat om haadtrainer te wurden by Almere City. Dat skriuwt Omroep Flevoland. Streppel wie de ôfrûne twa seizoenen haadtrainer by SC Hearrenfean, dêr't syn kontrakt net ferlinge waard.

Neffens de algemien direkteur fan Almere City, John Bes, is de klup yn petear mei trije kandidaten en is Streppel dêr ien fan. De klup is op syk nei in opfolger fan Jack de Gier.

Almere City einige it ôfrûne seizoen as njoggende yn de Jupiler League, mar helle wol de play-offs. Yn de finale dêrfan ferlear de ploech fan De Graafschap fan Henk de Jong.

Trefwurden: 
fuotbal Jurgen Streppel
(advertinsje)
(advertinsje)