Ried fan Steat beslút oer winkeloarloch yn Warkum

04 jun 2018 - 16:27

In tweintichtal middenstanners yn it winkelsintrum fan Warkum sjocht hielendal neat yn it plan om in bakker, slachter en delikatessewinkel yn de eardere biblioteek fan de stêd te húsfestjen. Dat die moandei bliken op in rjochtsaak yn Den Haag.

It sintrum fan Warkum - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens slachter Sjerp Blom hannelet de gemeente Súdwest-Fryslân yn striid mei har eigen belied. De middenstanners hoopje dan ek dat de Ried fan Steat it plan ôfstjit. Sy tinke dat troch it nije plan it besteande winkelsintrum leechbliede sil.

Neffens in wurdfierder fan de gemeente foarmet de nije winkel yn de eardere biblioteek krekt in wolkomme oanfolling op it winkelsintrum. De Ried fan Steat sil útsykje oft de nije winkels yn de âlde biblioteek wol of net yn it gemeentlike detailhannelbelied passe. De útspraak is oer in pear wiken.

(advertinsje)
(advertinsje)