Kaartferkeap Oerol giet lang om let los

04 jun 2018 - 16:13

De foarferkeap foar foarstellingskaarten fan it Oerolfestival op Skylge set moandeitejûn om acht oere wer útein.

De kaartferkeap hie eins ferline wike tiisdei al úteinsette moatten. Mar doe't de ferkeap begûn, kamen der allegear steuringen yn it systeem. De problemen binne no oplost.

Kaarten dy't oant en mei 8 juny besteld wurde, krije de minsken thús tastjoerd. Minsken dy't al earder op Skylge oankomme, kinne harren ferbliuwadres oanpasse yn it Oeral-account. De kaarten wurde dan nei dat adres stjoerd.

It Oerolfestival is dit jier fan 15 oant en mei 24 juny.

Oerol - Foto: ANP
Trefwurden: 
Oerol kaartferkeap
(advertinsje)