Premjêre Redbad yn de iepen loft op it Saailân

It is de bedoeling dat de premjêre fan de film Redbad op sneontejûn 23 juny yn Ljouwert in grut spektakel wurdt. De film is dan yn de iepen loft te sjen op it Saailân.
In grut part fan de akteurs is oanwêzich by de premjêre fan Redbad. Der is in foarprogramma mei muzyk en in presintaasje fan de cast. Dat begjint om 21.30 oere. Op it Saailân is plak foar 2.500 minsken.
Foar de film binne ûnder oare yn Fryslân opnamen makke. Regisseur is Roel Reiné. Akteurs binne ûnder oare Huub Stapel, Renée Soutendijk, Birgit Schuurman en Peter Faber. Redbad is in histoarysk epos oer de kerstening.