Jierrekken Dantumadiel posityf mar ek negatyf

04 jun 2018 - 15:27

De gemeente Dantumadiel slút har jierrekken fan 2017 mei in posityf saldo fan 7 ton ôf, mar komt úteinlik ek wer negatyf út. Dat lêste hat foar in grut part mei rekkens yn it sosjaal domein út 2015, 2016 en 2017 te krijen dy't noch betelle wurde moasten.

Dizze ôfrekkening is in bedrach fan 1,9 miljoen euro en bestiet benammen út achterstannen fan it ôfrekkenjen fan oanbieders yn de jeugdsoarch dêr't de gemeente gjin sicht op hie. Dit is foar in part betelle út it oerskot fan 2016. It is neffens wethâlder Rommy Kempenaar in ôfrekkening foar ien kear.

Ek waard ferlern op de eksploitaasje fan bougrûn. Dat giet om in bedrach fan 759.000 euro. Neffens de wethâlder is de gemeente by steat om finansjele ôffallers op te fangen.

(advertinsje)
(advertinsje)