Definsje biedt ekskuzen oan foar wurkjen mei groom-6

Definsje biedt ekskuzen oan oan alle meiwurkers en âld-meiwurkers dy't skea hân ha fan it wurkjen mei de ferve mei it kankerferwekkende groom-6 deryn. "Defensie is tekortgeschoten. Dat spijt mij. Ik kan dat niet terugdraaien", sei steatssekretaris Barbara Visser. Op de fleanbasis fan Ljouwert is ek mei de giftige ferve wurke. Neffens de steatssekretaris binne minsken tusken 1984 en 2006 net genôch beskerme.
Der komt in kollektive skearegeling. Belutsenen kinne oanspraak meitsje op bedraggen tusken de 5.000 en 40.000 euro. Steatssekretaris Visser makke dat moandei bekend op in parsekonferinsje yn Den Haag.
Freed lekten de útkomsten fan in rapport fan it RIVM út. Dêrút docht bliken dat definsje al desennia wist fan de skealike effekten fan bleatstelling oan groom-6. Wurknimmers en bedriuwsartsen krigen dat net te hearren. Ek foldienen wurkplakken net oan de regels.