Epke nei comeback: "No wer turnje op nivo"

04 jun 2018 - 14:38

Epke Zonderland waard ôfrûne wykein by syn earste wedstriid yn lange tiid fjirde yn de rekstôkfinale fan in wrâldbekerwedstriid. Moandei kaam de Fryske turner "mei in foldien gefoel" werom út it Sloveenske Koper.

"Ik ha der in tiid út west en ik ha dit wykein twa kear in 'gedegen' oefening sjen litten, dus yn dy sin bin ik tefreden. It wie wat in simpelere oefening, want ik bin in bytsje oan it opbouwen." Yn syn oefening siet gjin flechtkombinaasje. "Dat wie wol de planning, mar it slagge net, want it fielde op it momint net goed. Dit wie dus noch net de folsleine oefening, mar kwa útfiering wie it prima."

Epke Zonderland oan de telefoan

Under oare dêrom siet in poadiumplak der krekt net yn. "It is hartstikke moai om op it poadium te kommen. Mar foar no wie dit prima, want it wie foar my in soarte fan trainingswedstriid yn tarieding op it Europeesk kampioenskip."

It turnjen stie even op in leger pitsje, om't Epke oan it ôfstudearjen wie as dokter. "Ik koe de ôfrûne moannen allinnich jûns traine. Dan kinst de basisfoarm ûnderhâlde, mar traine op nije dingen is hiel wat oars. Dêr bin ik seis wike lyn mei begûn. Hiel foarsichtich, want dy belêsting wie ik net mear wend."

De sport hat de kommende jierren de prioriteit.

Epke Zonderland

De fokus foar Epke leit no wer op it turnjen en it earste grutte doel is it EK yn augustus. "Ik hoopje dat ik dan de foarm te pakken ha, mei in goed gefoel foar de timing en de rekstôk. Dan kin ik de flechtkombinaasjes goed dwaan. Op de wedstriden dêrfoar, lykas it NK, besykje ik dat ek, mar foaral yn augustus hoopje ik wedstriidfit te wêzen."

En dêrom komt it arts-wêzen no even op it twadde plan. "No wol ik earst wer turnje op nivo. Nei it WK yn oktober pak ik it arts-wêzen wer op, dan doch ik ien dei yn 'e wike sportgenêskunde. Mar de sport hat de kommende jierren de prioriteit." En dat yn alle gefallen oant de kommende Olympyske Spelen. "As Tokyo 2020 west hat, dan draait it wer om."

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnjen
(advertinsje)
(advertinsje)