GGD hâldt ynformaasjejûn oer medisyn tsjin hiv

De GGD Fryslân hâldt moandei in ynformaasjejûn oer it medisyn PrEP. Dat medisyn kin foarkomme datst hiv oprinst. De belangstelling wurdt neffens de GGD hieltyd grutter en dêrom nûgje se eltsenien út dy't mear witte wol.
De GGD sil earst fertelle wat de stân fan saken is fan PrEP yn Noard-Nederlân en dêrnei hoe't it wurket as medisyn tsjin hiv. Dêrnei komme der ferhalen út de praktyk en krije minsken de gelegenheid om fragen te stellen.
Letter yn 'e wike is ek yn Grins in selde soarte fan ynformaasjejûn.
De ynformaasjejûn is ta stân kaam troch COC Grinslân-Drinte, COC Fryslân, GGD Grinslân, GGD Drinte, GGD Fryslân en SeksHAG Noard-Nederlân.