Brân op skip by werf Lauwerseach

04 jun 2018 - 13:25

Op in skip oan de Haven yn Lauwerseach is moandei krekt nei tolven brân útbrutsen. Op it skip dat op de wâl lei, waard mei in brander wurke en dêrby fleach materiaal yn 'e brân.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De brânwachtkorpsen fan Zoutkamp en Anjum rieden út om de brân te bestriden. Sy hiene it fjoer al gau ûnder kontrôle. Der rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
Lauwerseach brân skip
(advertinsje)
(advertinsje)