IM easket 4 jier sel tsjin Fryske cyberkrimineel

04 jun 2018 - 12:33

Justysje hat in selstraf fan fjouwer jier easke tsjin in 37-jierrige Ljouwerter foar grutskalige ynternetoplichting en identiteitsfraude. Moandei moast de man, dy't 400 slachtoffers makke, op 'e nij foarkomme by de rjochtbank yn Ljouwert.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De ICT-expert hie yn maaie op de earste sittingsdei syn cybercrime al tajûn. Hy boude ûnder oare út Ljouwert wei webwinkels foar bedriuwen. Dêryn ferburch er in skript, wêrmei't er sûnt 2012 ynloggegevens fan klanten achterhelje koe. Sa koe er yn tûzenen mailboxen komme. De man ferdjippe him oerenlang yn de libbens fan de dupearren. Troch him foar te dwaan as syn slachtoffers, koe er harren freonen en famylje oplichtsje, ûnder oare fia Facebook.

De heechbejeftige man waard yn 2016 oanholden. Doe wie er op syn laptop mei sawat 1000 accounts tagelyk dwaande. Neffens it Iepenbier Ministearje giet it om in unike cybercrimesaak yn Nederlân, wêrby't de fertochte "raffinearre en sûnder skamte" te wurk gie. It IM tinkt dat er der 143.000 euro riker op wurden wie.

De rjochtbank docht op 18 juny útspraak.

(advertinsje)