Fersekerder Achmea siket meiwurkers mei arbeidsbeheining

04 jun 2018 - 11:58

Fersekerder Achmea siket foar syn fêstiging yn Ljouwert tsien oant tolve minsken mei in arbeidsbeheining. Nei in koarte oplieding en in ynwurkperioade, kinne sy oan de slach by de ôfdieling Schadeservices fan Centraal Beheer en FBTO. Achmea fiert hjirmei de Wet Banenafspraak út, ûnderdiel fan it sosjaal akkoart út 2013. Mei de nije meiwurkers dy't no socht wurde, telt Achmea lanlik sjoen sa'n sechstich partisipaasjebanen foar minsken mei in arbeidsbeheining.

Foto: Omrop Fryslân

Belangryk

Egmond Borgdorff is direkteur HR-beleid en Arbeidsmarkt by Achmea. Hy seit: "Achmea staat midden in de samenleving. Daarom vinden we het belangrijk dat onze medewerkers een afspiegeling zijn van de samenleving." Wethâlder Friso Douwstra fan Ljouwert is bliid mei it inisjatyf fan Achmea. "Dit is een belangrijke investering in het grootste kapitaal van een bedrijf: de medewerkers."

Wurdfierder Marco Simmers fan Achmea

Achterstân

It inisjatyf komt foar Ljouwert op in goed momint. Lêsten waard dúdlik dat Fryslân achterbliuwt op dit terrein. Foar Friezen mei in arbeidsbeheining waarden oant ein ferline jier minder banen realisearre as de bedoeling wie, sa die bliken út ûndersyk fan it UWV. De rest fan Noard-Nederlân helle de rjochtlinen wol.

(advertinsje)