Kultuerpriis Gouden Caleidoscoop foar bernesirkus Adje Lambertsz

04 jun 2018 - 11:14

It projekt Adje Lambertsz, ek wol bekend as 'Circus Adje', is ûnderskieden mei de Gouden Caleidoscoop. It hat de kultuerpriis fan it Fonds voor Cultuurparticipatie krigen, omdat se alle basisskoalbern fan Ljouwert útdage ha om harren eigen talinten te ûntdekken en yn te setten.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

 Adje is bij uitstek het participatieproject waarbij alle basisscholen van de stad Leeuwarden betrokken zijn.

Fonds voor Cultuurparticipatie

Kultuerpriis foar Circus Adje

Dit skoaljier hat Adje Lambertsz yn it ramt fan Kulturele Haadstêd in toer troch de gemeente Ljouwert makke en alle fyftich basisskoallen fan de gemeente oandien. Bern fan groep 5 en 6 ha ûnder oaren libbene piramiden makke en shows opfierd.

(advertinsje)