Manlju oanhâlden nei ynfallen yn Burgum en Ljouwert om himpkwekerij

By ynfallen fan in spesjalistysk himpteam fan de plysje binne moandeitemoarn yn Burgum en Ljouwert twa manlju oanhâlden. It giet om in 60-jierrige Burgumer en in 54-jierrige Ljouwerter. Yn de wenning fan de Ljouwerter fûn de plysje ek fjoerwapens.
Ynfal plysje by Foxhol yn Grinslân
Tagelyk waard yn in fabrykspân yn Foxhol, yn Grinslân, in tige grutte himpkwekerij oprôle. Ek dêrfoar waard in Fries oanhâlden, in 38-jierrige man út Sint-Jabik, en twa Noard-Hollanners van 37 en 47 jier. Neffens de plysje stiene der op syn minst 5000 himpplanten yn de fabrykshal. It gebou funksjonearre earder as haadkantoor fan Avebe, in ierappelsetmoalbedriuw.
Sawol yn Ljouwert as yn Burgum binne gjin himpplanten fûn. Alle himp en apparatuer yn Foxhol is yn beslach naam en ferneatige. Der is beslach lein op it fabrykspân. Dat stie op namme fan in 50-jierrige ynwenner fan Dedemsvaart. Ek hy is oanhâlden.
Plysjewurdfierder Anne van der Meer oer de ynfallen
De beide manlju dy't yn Fryslân oanhâlden binne, wurde fertocht fan belutsenens by organisearre himpteelt. De Ljouwerter en de Burgumer betellen alle moannen tûzenen euro's hier oan de eigener fan it fabryk. De plysje tinkt dat der yn it gebou al meardere jierren op hiel grutte skaal himp kweekt waard.
Manlju oanhâlden nei ynfallen yn Burgum en Ljouwert om himpkwekerij