Scanner foarkomt flaters mei medisinen yn sikehuzen

Yn it Antonius Sikehûs fan Snits binne de ôfrûne jierren tûzenen flaters foarkaam mei it jaan fan medisinen. Dat seit apoteker Michiel Duyvendak fan it Antonius Sikehûs. Sûnt 2016 wurdt yn it sikehûs in befeiligingssysteem test dat de útjefte fan medisinen kontrolearret. Dat bart earst yn de apoteek en letter ek nochris oan it bêd fan de pasjint.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Ferpleechkundige Gea Posthumus en apoteker Michiel Duyvendak

Kontrôle

It kontrôlesysteem is yn sân sikehuzen yn Nederlân test. It giet om in scanner dy't de pillen 'besjocht' en dan útjout. De masine kontrolearret yn de apoteek oft de medisinen oerienkomme mei wat foarskreaun is.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Polsbantsje

Oan it bêd fan de pasjint wurdt nochris in kontrole útfierd. Dêr moat de ferpleechkundige de medisinen opnij scanne foardat se tatsjinne wurde. De barkoade fan de medisinen wurdt fergelike mei dy op in polsbantsje fan de pasjint. Sa krijt de goede persoan de juste pillen.

Takomst

"Dit is de takomst foar sikehuzen", sa seit Duyvendak. "De kâns dat der wat fout giet, is sa in stik lytser. Boppedat sparret it hiel wat tiid út." De pasjint giet it om twa minuten en dat moat derfoar soargje dat ferpleechkundigen mear tiid oerhâlde foar de pasjinten sels. Njonken it Antonius wurket ek sikehûs Nij Smellinghe mei dit systeem.