André Kuipers nei finale WK

03 nov 2011 - 16:18
Foto: Omrop Fryslân

André Kuipers fan Britsum stiet mei it Nederlânske team yn de finale fan it wrâldkampioenskip kuorbal yn Sina. De Nederlanners fersloegen tongersdei yn de heale finale Taiwan mei 27-17. Dat lân waard sjoen as de earste serieuze tsjinstanner op dit toernoai. Yn de finale is de tsjinstanner lykas ferwachte België, dat mei 27-14 te sterk wie foar Kataloanië.

De finale wurdt takom sneon spile om 9.00 oere moarns, Nederlânske tiid, yn de stêd Shaoxing.

(advertinsje)
(advertinsje)