Brân treft hûs fan âld-Ljouwerter kabaretier Jan Jaap van der Wal

It hûs fan de âld-Ljouwerter kabaretier en presintator Jan Jaap van der Wal yn it Noard-Hollânske Katwoude is sneintenacht troffen troch in brân. Der kamen grutte flammen út it dak oan de achterkant fan de wenning.
© Inter Visual Studio, Lorenzo Derksen
Neffens in wurdfierder fan de brânwacht is de brân nei alle gedachten ûntstean yn de iepen hurd. Van der Wal en syn famylje binne troch ambulânsepersoniel neisjoen, hoe't se der oan ta binne is net bekend.
It hûs, mei in wearde fan sa'n ien miljoen euro, hat flinke skea oprûn. De brânwacht docht fierder ûndersyk nei de tadracht van de brân.