Kollum: "Yn de bleate kont"

04 jun 2018 - 07:35

"Ik ha jim alris faker ferteld oer myn stikeme dream: op fakânsje nei in naturistecamping. It liket my werklik wier fantastysk om moarns it tintsje út te krûpen en hearlik yn de bleate kont op 'e stoel it moarnsbrochje klear te meitsjen. Gjin gedoch mei switterige t-shirts dy't wer oan moatte, bikinys dy't noch wiet oan de skearline bongelje of sokken dêr'tst noch mar ien fan fine kinst. Nee, gewoan puer natuer oan de dei begjinne.

De Toan fan Nynke van der Zee

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

As it waar in bytsje meisit, sil ik dizze wike foar it earst yn myn libben nei in naturistecamping. Ik bin al drok dwaande mei it meitsjen fan in checklist fan guod dat allegear mei moat. It foardiel is fansels dat ik gjin klean mei hoech, dus der is romte genôch foar oare ferdivedaasje. Mar no komt it: want wat kin der wol en net mei nei sa'n camping?

De follybal; hy stiet alle jierren mei stip boppeoan myn listje fan saken dy't ik perfoarst meinim op fakânsje. Mar follybalje yn de bleate titten: kin dat? Hipt dan net fan alles omheech en wer nei ûnderen sûnder sport-bh? Of meist dy dan spesjaal foar dizze aktiviteit wer efkes omdwaan?

Itselde jildt foar it pokersetsje. Want strippokerjen yn de bleate kont; dêr is fansels neat oan. Soene we dan foar dy iene gelegenheid dochs de klean wer efkes oan ha meie? En dan de fyts. Hoe moat dat aanst? Mei de bleate kont op dat swarte 'gelzadel' dat oeren en oeren yn de gleone sinne stien hat te brânen: ik moat der net oan tinke.

En hoe sit it bygelyks mei in fototastel? Ik wol fansels al fêstlizze dat ik yn de bleate kont op sa'n giele banaan oer it wetter flean om de famylje letter myn fakânsjekykjes sjen te litten. Mar stel no dat ik der per ûngelok ek in oar steltsje by op set en dat blike BN'ers te wêzen: mei dat dan of net? En mei myn mobile telefoan eins wol mei? Yn ferskate sauna's hat dêr krekt in hiele rel om west, omdat minsken inoar stikem filmje. Dus hoe sit dat?

En as er al mei mei: wêr hâld ik myn mobyltsje dan eins? Ik ha ommers gjin broek oan en dus ek gjin bûsen. Spitich genôch binne myn kninen net grut genôch om 'm dêr tusken te stopjen, dus dat wurdt lestich. En hoe komt it eins mei jild? Wêr moat ik myn sinten yn dwaan as ik de waarme broadsjes ophelje út it campingsupermerkje? Of stopje ik dy flappen tusken dy oare flappen? Gjin flau idee. De pinpas mei? Mar wêr moat ik dy dan litte? Alfêst yn de oare gleuf stopje?

Snapst wol: myn tas ynpakke foar in naturistecamping is noch folle yngewikkelder as al dy klean yn in koffer proppe. Mar ik leau dat ik op souder noch sa'n handich heuptaske lizzen ha, dy'tst om de middel dwaan kinst. Dêr kin alles dan aanst moai yn. Telefoan, jild, pinpas. Sa'n praktysk taske dat ik oait alris fan it Reade Krús krigen ha. Oh trouwens, oer it reade krús, sprutsen. Wannear wurd ik ek mar wer ûngesteld?"

(advertinsje)