Gearwurking aksjegroepen yn striid tsjin gas- en sâltwinning

04 jun 2018 - 06:01

Aksjegroepen tsjin gas- en sâltwinning sille mear gearwurkje. Ek sille der mear protestaksjes organisearre wurde. Ofrûne sneon wie der in protest yn Harns. Dêr kamen in lytse twahûndert minsken op ôf. It wie de earste fan in rige protestaksjes. De folgjende sil yn Den Haag wêze.

Aksjefierders tsjin gas- en sâltwinning - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Neffens Machiel Aarten fan 'Laat het Gas maar zitten' is der in grutte aksjereeëns, mar de organisaasjes binne noch in soad op eigen krêft dwaande. Om mear ynfloed te krijen sille de organisaasjes dy't har ynsette tsjin it boarjen nei gas en sâlt mear mei-inoar oparbeidzje.

Yn Nederlân binne 460 lytse gasfjilden ferspraat oer in soad provinsjes. Salang as minister Wiebes net oankundiget de gaswinning fierder op te kearen, sille der aksjes fierd wurde, seit Aarten.

Gearwurking aksjegroepen gas- en sâltwinning

(advertinsje)