Te hurd riden en hûnestront grutste foarmen fan buertoerlêst

In tredde part fan de ynwenners fan Noard-Nederlân fynt dat oerlêst troch te hurd riden yn de buert as earste oanpakt wurde moat. Dat docht bliken út sifers fan it CBS, it Sintraal Buro foar de Statistyk, basearre op de Veiligheidsmonitor.
Hûnestront © ANP
It CBS ûndersocht hokker foarmen fan buertoerlêst bewenners graach as earste oplost hawwe wolle. It te hurd riden troch wenwiken en strjitten ûnderfynt it grutste part fan de ûnderfrege minsken as grutste punt fan oerlêst.

Hûnestront en parkearproblemen

Njonken it te hurd riden fine minsken ek oerlêst troch hûnestront en it parkearjen net sa moai. Goed tweintich persint fan de ynwenners fan Noard-Nederlân jout oan dat hûnestront yn de wyk fuortendaliks oanpakt wurde moat. Ien op de tsien buertbewenners jout oan ek graach te sjen dat parkearproblemen yn har omjouwing oplost wurde.
As oare foarmen fan oerlêst wurde ûnder mear hingjongerein, guod op strjitte en drugsoerlêst neamd.
It ûndersyk fan it CBS basearre him foar Fryslân op de gemeenten Súdwest-Fryslân en Ljouwert.
© CBS