Kuorballers Mid-Fryslân pakke kampioenskip yn oergongsklasse
De kuorballers fan Mid-Fryslân fan Grou en Reduzum binne sneintemiddei kampioen wurden yn de oergongsklasse. Yn in streekrjocht duel mei konkurrint AVO wûn Mid-Fryslân mei 24-15.
De thúsploech pakte al gau in foarsprong tsjin de kuorballers fan AVO út Assen. By rêst stie Mid-Fryslân al mei 16-9 foar. Ek nei it skoft waard it nivo trochset, wêrtroch't de klup út Grou en Reduzum úteinlik mei romme sifers it kampioenskip binnen helje koe.
Mid-Fryslân pakte earder dit seizoen yn maart ek al it kampioenskip yn de seal.