Snits Wyt Swart degradearret út de haadklasse

Fuotbalklup Snits Wyt Swart is sneintemiddei nei trettjin seizoenen degradearre út de haadklasse. De ploech ferlear thús mei 2-1 fan ROHDA Raalte en spilet dêrom takom jier yn de earste klasse.
Al yn de alfde minút stienen de gasten op foarsprong. Coelho skeat de bal binnen foar de ploech út Raalte. De Snitsers makken har noch net al te drok; in kertier letter wie de wedstriid wer yn lykwicht. Ut in corner fan Velds makke De Boer by de twadde peal lyk: 1-1.
Krekt foar it sinjaal fan it skoft krige ROHDA in strafskop. Harmens skeat fanôf alve meter sûnder problemen binnen: 1-2. Yn de twadde helte koenen de Snitser fuotballers de stân net mear bylûke. Ek ROHDA skoarde net mear, mar giet troch de oerwinning wol gewoan troch yn de play-offs.