Prizen foar sjoernalist Wytse Vellinga op kongres yn Ierlân

Sjoernalist Wytse Vellinga fan Omrop Fryslân is dit wykein yn it Ierske Galway yn de prizen fallen by MoJoFest 2018. Dat is in jierliks sjoernalistyk kongres fan trije dagen oer fideo, fotografy en radio, makke mei in smartphone. Yn de kategory News report einige Vellinga as twadde. Yn de kategoryen bêste live stream en radio report behelle de Fryske sjoernalist twa kear in tredde priis.
Sa'n trijehûndert sjoernalisten en kommunikaasjeprofessionals út de hiele wrâld wienen yn Galway byinoar om ynspiraasje op te dwaan en fan inoar te learen op it mêd fan mobile sjoernalistyk.