Epke Zonderland fjirde op 'e rekstôk by 'turnrentree'

03 jun 2018 - 18:40

Turner Epke Zonderland is by syn earste wedstriid sûnt it WK fan foarich jier oktober yn Montreal as fjirde einige yn de rekstôkfinale. Dat barde snein yn it Sloveenske Koper by wedstriden út de World Cup Challenge. Zonderland kaam yn de finale ta in skoare fan 13,850. De lêste turner dy't yn aksje kaam, Audrys Nin Reyes út de Dominikaanske Republyk, foarkaam dat Epke Zonderland syn rentree mei in medalje fiere koe.

Goud wie der foar Japanner Takaaki Sugino. Dêrnei folgen Nin Reyes en Gustavo Polato út Brazilië. Zonderland studearre resintlik ôf as dokter en kin him no wer folslein op syn sport rjochtsje.

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnjen
(advertinsje)