FIDEO: 'Tsjek myn sjipkist' tsjekt duorsum ferfier

03 jun 2018 - 17:35

De kommende fiif wiken wurdt it SkoalTV-programma Tsjek net op in skoalle opnommen, mar yn in âlde garaazje yn Drylts. Yn 'Tsjek myn sjipkiste' bouwe trije bern fan trije ferskillende skoallen yn de garaazje harren eigen sjipkiste. De bern komme fan skoallen út Grou, Eksmoarre en Dokkum. Dit alles wurdt dien ûnder lieding fan 'baas sjipkiste' Raynaud Ritsma, dy't ek it gewoane Tsjek presintearret.

Raynaud Ritsma mei de sjipkistebouwers - Foto: Omrop Fryslân

Fossyl Frij Fryslân
Tsjek myn sjipkiste wurdt makke yn it ramt fan Fossyl Frij Fryslân. Hiel Fryslân wurdt de earste twa wiken fan july oproppen om ferfiersmiddelen op fossile brânstof stean te litten en op syk te gean nei duorsume alternativen. De trije teams besykje te bêste en rapste sjipkiste, in fossylfrij ferfiersmiddel, te meitsjen. 'Tsjek myn sjipkiste' sil op 4 july einigje mei in wedstriid yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. De sjipkiste dy't as earst oer de streep is, hat wûn.

Gearstaller by SkoalTV Marja van der Leij: "Wy fine it by SkoalTV belangryk dat bern harren bewust wurde fan de wrâld om har hinne en datsto sels helpe kinst om dy wrâld better te meitsjen. Dat in ritsje yn de auto nei skoalle, sportfjild of muzykles gefolgen hat foar it miljeu is wat dêr't bern net by neitinke, mar dêr't se miskien nei it sjen fan dizze searje wol in ferskil meitsje kinne. "

Fersmoarging

Yn de earste útstjoering, dy't snein útstjoerd wurdt, stiet it tema 'fersmoarging' sintraal. Hoe kin it dat it safier kaam is mei de fossile brânstof en de fersmoarging? Yn de reportaazjes wurdt útlein wat roet is en wêrom't dy útstjit sa skealik is.

'Tsjek myn sjipkiste' is alle sneinen fan 17.30 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. Ek te sjen op woansdei en freed om 10.30, 11.30, 12.30 en 16.00 oere. Online is it programma te sjen op Skoal.tv.

(advertinsje)
(advertinsje)