Op syk nei famyljeskiednis: Famillement yn Ljouwert

03 jun 2018 - 17:15

Yn skouboarch de Harmonie yn Ljouwert binne snein in hiel soad minsken út alle parten fan Nederlân op syk gongen nei harren famyljeskiednis. Dat dienen sy op it evenemint Famillement, dat ien kear yn de twa jier organisearre wurdt troch it Centrum voor familiegeschiedenis mei lokale partners.

Besikers dûke yn harren famyljeskiednis. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Remco de Vries op it evenemint Famillement

Der stie in grut ferskaat oan stands út binnen en bûtenlân, kommersjeel en net-kommersjeel. Sa koene je in DNA-test ynleverje by in kommersjeel buro, mar koene je ek útsykje oft je woartels yn Grinslân lizze.

It giet net allinnich om gatten yn de famyljehistoarje op te foljen, mar ek om software of oare saken dy't helpe kinne om fierder te sykjen. Foar in soad minsken is it in hobby dêr't se al tsientallen jierren mei dwaande binne.

(advertinsje)
(advertinsje)