Resinsje: "Finestra Aperta, skitterjende foarstelling oer de syktocht nei balâns yn it libben"

03 jun 2018 - 16:02

Wa bisto?
Feije van der Meer

Wat is dyn funksje by Omrop Fryslân?
Berneprogrammamakker

Wat hasto mei kultuer?
In echte leafhawwer, kultuer ferbynt!

Wêr hast hinne west?
Finestra Aperta op it Gaastereilân yn Drachten

Hoefolle stjerren?
Fjouwer en heal. Gjin fiif want dat soe betsjutte dat der neat better koe, mar it sit der ticht tsjin oan!

Finestra Aperta - Foto: Omrop Fryslân

Belibbingsteäter hiene se foarsein, en dat is it wurden! It minutelange applaus oan de ein fan de foarstelling spruts foar himsels.

Myn âld kollega Henk sei: "hjir silst mar in resinsje fan skriuwe moatte, dat is net te dwaan man, wat moatst hjir oer opskriuwe?" En sa is it mar krekt, want elk wie swier ûnder de yndruk fan wat er sjoen hie, en om dat dan yn wurden te fangen? Sterker noch, ek de filmkes litte mar amper sjen, of better sein fiele, wat der mei jo as taskôger bart as jo dêrby sitte.

Magy

Doe't ik thús wie en myn materiaal werom seach, bleau der neat oer fan de magy dy't wy belibbe hiene. Fansels, mei help fan je ûnthâld komt dat wol wer, mar ik wol graach de minsken dy't noch net west hawwe fiele litte wat dizze foarstelling foar harren yn petto hat en dat slagget mei dy filmkes net.

Miskien mei dizze in hiel lyts bytsje.

De foarstelling giet oer de syktocht nei balâns yn it libben en dat komt yn alle fasetten foarby. It stik spilet him ôf yn de grutste bamboedome fan Europa, mei as middelpunt in 'mobile': in objekt dat troch de romte draait en kantelet en út ûnferwachte hoeke komt. Karakters klimme oer en mei fan alles wat, en se komme dêrtroch oeral wei; út alle hoeken en gatten. Se sweve troch de loft en hawwe de gek mei de swiertekrêft. Se litte harren liede troch de muzyk.

Balâns

As publyk libje wy yn dizze foarstelling as ien mienskip en dat rint net altyd like maklik: der is inisjatyf, akseptaasje, kreativiteit en minsklikheid foar nedich. De fiif akrobaten en fiif muzikanten sykje tegearre mei it publyk nei balâns; in hâldfêst.

Mar sadree't alles yn balâns liket, is der altyd wol wer ien dy't syn balâns kwyt rekket.

In gefoel

De spanning yn kombinaasje mei muzyk en akrobatyk dy't teätraal sa skitterjend foar it fuotljocht brocht wurdt, rekket jin. Dan wer is alles melangoalysk, dan wer opsweepjend en dan ynienen belibje je wer de krêft fan de stilte.

It moaie is ek dat je konstant prikele wurde nei te tinken oer wat bedoele se hjir no mei? Mar dat giet hast ûnbewust, want jo fiele wat der bedoeld wurdt mar om dat no krekt ûnder wurden te bringen is dreech.

En dochs witte en fiele je it.

Alles draait om balâns - Foto: Omrop Fryslân

Dit is Oerol op it fêste lân!

Feije van der Meer, resinsint

Net perfekt

Finestra Aperta fertelt dus oer it opsykjen fan de grins fan wat mooglik is, oer it ferlizzen fan grinzen, oer it mystearje fan it bestean. In foarbyld fan hoe't je hast sûnder wurden in prachtich ferhaal boeiend fan begjin oan ein fertelle kinne.

Ik hear jo al tinken: mankearre der dan hielendal neat oan de foarstelling? Sa goed as net! Op dizze premjêrejûn giene der in pear hiele lytse details krekt net goed, mar dat hat fansels ek te krijen mei it opsykjen fan dy grinzen, dus sa besjoen kloppet ek dat wol wer.

Sûnder wurden

Der wurdt hast net sprutsen yn de foarstelling, mar de kearen dat dat wol bart (ûnder oare wurk fan dichter Gosse Postma) is it net altyd allegearre like goed te ferstean. In minske moat earst altyd efkes wenne oan in stim, dus dy artikulaasje moat echt super wêze. En foarút, it twastimmich sjongen wie net alhiel suver.

Fierder siet dizze foarstelling dus tsjin it perfeksjonisme oan, sa útbalansearre (letterlik en figuerlik) wie it.

It is Oerol op it fêste lân!

Foar wa't witte wol wêrom't Oerol al jierren sa'n sukses is, of alfêst yn de Oerol sfear komme wol, moat hjirhinne. Dit soe nammentlik ek op Oerol in TOPPER wêze. En dat begjint al as jo mei de boat rjochting it Gaastereilân farre, troch de stilte, de natuer....

Skitterjend en hinne gean!

Foto: Omrop Fryslân

Drachten sneon 2 juny wie de premjêre

Besikers: 320 (útferkocht)

Spilet de hiele moanne juny. (der binne noch kaarten te keap)

Rezjy: Vincent van den Elshout

TIP: Ek foar bern fan 8 jier en âlder is it prachtich!

Ien jonkje sei "dit wie moaier as myn favorite kompjûterspultsje", en dat woe neffens syn mem hiel wat sizze!

(advertinsje)