Van der Ploeg: "Boarger fertrout de oerheid net mear"

"Asto sjochst nei it gasdossier, dat skamje ik my der somtiden foar dat ik wurkje foar de oerheid.'' Dat sei wethâlder Albert van der Ploeg (CDA) fan Dongeradiel snein yn Buro de Vries.
Wethâlder Albert van der Ploeg (CDA) © Omrop Fryslân
Neffens de wethâlder wurde de feiten faak ûntkend en is de oerheid der net foar minsken. ''Grinslân, mar ek parten fan Fryslân fiele har gewoan in wingewest.'' Van der Ploeg neamt de plannen fan de NAM om gas te winnen by Ternaard as foarbyld.
Ik skamje my der somtiden foar dat ik foar de oerheid wurkje.
CDA-wethâlder Albert van der Ploeg (Dongeradiel)
"Dat moat fan ûnderop, wy moatte de boarger dêr yn meinimme. En as gemeente dogge we dêr ek echt sa út bêst foar. Mar de boarger fertrout it net. En as gemeente fernimme we yn Den Haag faak ek dat we hieltyd wer útlizze moatte hoe't it sit. We rinne dêr altyd wer tsjin in muorre oan.''
Wethâlder Albert vd Ploeg (CDA)