UPDATE: Problemen brêge Skarster Rien oplost, ferkear rydt wer

03 jun 2018 - 14:48

Ferkear op de A6 tusken De Lemmer en De Jouwer moast sneintemiddei rekken hâlde mei fertraging. De brêge oer de Skarster Rien woe in skoft net mear ticht. Hoe't dat krekt koe, is noch net bekend. In monteur is der om trije oere hinne yn slagge de brêge wer ticht te krijen.

Foto: Omrop Fryslân

It ferkear tusken de ôfslach Sint-Nyk en de brêge koe wer fierder ride, mar minsken dy't letter oankamen stiene noch in skoft yn de file. Rykswettersteat wie noch dwaande mei in proef mei de brêge. As gefolch dêrfan wie de A6 nei Fryslân ta by Sint-Nyk oant ûngefear fjouwer oere ôfsletten.

Ek ferkear dat fan De Jouwer nei De Lemmer woe, moast rekken hâlde mei fertraging. Troch twa ûngelokken ried it ferkear dêr ek stadiger.

Trefwurden: 
brêge A6 ferkear Skarster Rien
(advertinsje)