'Fryslân hat fernijing nedich'

Fryslân hat ferlet fan nije heechweardige eveneminten dy't elk jier wer hâlden wurde. Sa moat Fryslân wer op 'e kaart set wurde foar toeristen. Dat sei Jan Ybema tongersdei by in grut sympoasium oer toerisme yn Ljouwert. Ybema is regiofertsjintwurdiger fan de Hiswa, de feriening fan ûndernimmers yn de wettersport. Eveneminten dy't elk jier werom komme, jouwe ûndernimmers de kâns om dêr op yn te spyljen en jild mei te fertsjinjen.