Mies de Roode (86): "We kunnen de natuur niet onze wil opleggen"

03 jun 2018 - 12:20

Hoe sjocht de wrâld der ûnder wetter út? Mies de Roode fan Oranjewâld lit it ús sjen. Nettsjinsteande har hege leeftiid, se is al 86 jier, nimt se noch altyd minsken mei de natuer yn.

Mies de Roode op syk nei wetterbistjes - Foto: Omrop Fryslân

Mies is in entûsjaste gids yn de wrâld fan planten en bisten. Har skepnetsje giet oates en toates it wetter yn. Dan ropt se út: "Kijk een watervlo, zie je?" of "Ja, poelslakken! Moeder en dochter, zo mooi!" Tuskentroch fertelt se it iene nei it oare smoute ferhaal oer hoe't de natuer alles sels regelet. Sa as de gielrâne wetterkrobbe dy't har wolris biten hat. "Het schild van het vrouwtje is geribbeld, zodat het mannetje er niet afglijdt bij het paren. In de natuur wordt in alles voorzien."

Je moet niet je wil opleggen aan de natuur want dat lukt nooit.

Mies de Roode

Mies de Roode libbet mei bisten en planten en se genietet fan alles wat de natuer bringt. Mar se makket har ek soargen. "Je moet niet te veel willen. Je moet niet je wil opleggen aan de natuur, want dat lukt nooit." Yn de natuer hat alles mei-elkoar te krijen, alles hat ferbân mei-elkoar. "Wij zijn denk ik te veel overheersend als mens, wij leggen het loodje, daar ben ik van overtuigd."

Mies de Roode naam ús mei by de wetterkant del

Omrop Fryslân is op it OranjewoudFestival fertsjintwurdige mei de ynstallaasje It geheim fan De Deelen. Filmmakker Herman Zeilstra makke oer meardere seizoenen opnames fan it natuergebiet, sawol boppe as ûnder wetter. De bylden hat hy kombinearre mei Become Ocean fan de Kanadeeske komponist John Luther Adams. Te sjen fan 1 oant en mei 10 juny yn de alde Kâlde-Oarlochsbunker yn Oranjewâld.

(advertinsje)