IepenUP vlog: wa is hjir no gek?

03 jun 2018 - 10:53

Fjirtjin jonge Fryske vloggers, mei allegear in hiel ferskillende achtergrûn, litte alle sneonen sjen wat sy harren ôffreegje. Alle wiken in nije vlog mei hieltyd in oar tema, mei in ûnderwerp dêr't sy har drok om meitsje. De vlogs binne ûnderdiel fan it LF2018-programma IepenUP.

IepenUP vlogger Wilke - Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de vloggers is de 26-jierrige Wilke Kolthof út Ljouwert. Yn it nijs lêst er hieltyd faker oer 'de verwarde man' of 'de verwarde vrouw'. Wilke freget him ôf hoe'tst dizze minsken helpe kinst. Wilke gie de strjitte op om tips te sammeljen. Besjoch hjirûnder it resultaat.

IepenUP vlog: wa is hjir no gek?

Alle vloggers stelle harren foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.

Trefwurden: 
IepenUP vlog
(advertinsje)