Auto giet yn flammen op yn Terwispel

03 jun 2018 - 09:39

In auto is sneontenacht om 01.45 oere hinne útbrând yn Terwispel. De auto stie parkearre by in wenning oan de Visserwei. Neffens buertbewenners wie der foarôfgeand oan de brân in lûde knal en in grutte ljochtflits.

Foto: Srfotografie

De brânwacht wie der gau by, mar koe net foarkomme dat de auto flinke skea oprûn. De plysje hat in ûndersyk ynsteld en slút brânstichting net út.

(advertinsje)
(advertinsje)