Twa motorriders op 'e flecht foar plysje ferwûne by botsing tsjin beam

03 jun 2018 - 07:57

In 49-jierrige motorrider en syn 34-jierrige passazjier binne sneintemoarn betiid ferwûne rekke by in botsing tsjin in beam, doe't se op 'e flecht wiene foar de plysje. Beide manlju komme út de gemeente De Fryske Marren. It ûngelok barde om 04.25 oere hinne op de Tsjerkhôfleane yn Rûgehuzen by Balk.

Foto: CAMJO Media

De manlju foelen op by de plysje, omdat sy slingerjend rieden. De plysje joech in stopteken, mar dat negearre de bestjoerder, wêrnei't de plysje rêstich de achterfolging ynsette. Yn in bocht rekken de motorriders neist de dyk en botsten tsjin in beam. Fan in ôfstân seach de plysje fonken.

De bestjoerder fan de motor rekke swier ferwûne by it ûngelok en is nei it sikehûs yn Zwolle brocht. De byrider wie der minder slim oan ta, mar moast wol foar behanneling nei it sikehûs.

Plysjewurdfierder Marian van Ark oer it motorûngelok by Rûgehuzen

De plysje siket tsjûgen fan it foarfal, en dan benammen twa taksysjauffeurs, om der achter te kommen wat der krekt bard is.

(advertinsje)