Nij farwetter by Grou iepene: it Suderburds Wiid

Suderburds Wiid
It wettersportdoarp Grou hat der no offisjeel nij farwetter by. Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat sneontemiddei it Suderburds Wiid offisjeel iepene troch in flagge mei de namme fan it nije farwetter yn ûntfangst te nimmen. Dêrnei wie der in floatskou. 25 bunder fan it eilân de Burd is rekreaasjewetter wurden.
De flagge mei de namme fan it nije farwetter op it steatejacht. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
It plan heart by lânynrjochting Swette-de Burd en mei de iepening fan it nije farwetter is dy lânynrjochting no ek sa goed as dien. Yn eardere plannen soe in grut part fan de Burd sompe wurde, mar troch protesten fanút Grou is dat feroare en is der in greidefûgelgebiet fan makke. It nije wetter is op de Suderburd, dêr't ek al in soad rekreaasjewenten stean. Der is sa'n 7 miljoen euro ynvestearre yn it eilân.