Kingma, Hoekstra en Kootstra winne keatserij yn Moarre-Ljussens

02 jun 2018 - 20:51
Hendrik Kootstra, Enno Kingma en Allard Hoekstra. - Foto: Henk Bootsma

Enno Kingma, Allard Hoekstra en Hendrik Kootstra hawwe sneon yn Moarre-Ljussens it haadklassekeatsen troch elkoar lotsjen by de manlju wûn. Yn de finale wie it partoer mei 5-5 en 6-4 te sterk foar Elgar Boersma, Kees van der Schoot en Hans Wassenaar. De lytse preemje gie nei it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Renze Hiemstra en Klaas Pier Folkertsma.

Foto: Henk Bootsma

By de froulju gie de winst nei Nynke Sijbrandij, Sandra Hofstra en Manon Scheepstra. Yn de finale wienen sy mei 5-1 en 6-2 te sterk foar Tineke Dijkstra, Anouk Tolsma en Marrit Zeinstra. It partoer fan Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Annelien Broersma pakte de tredde priis yn Moarre-Ljussens.

Trefwurden: 
keatsen Moarre-Ljussens
(advertinsje)