Dielnimmers NK beklimme beammen yn de Prinsetún

02 jun 2018 - 18:42

Wa kin it rapst nei boppen? En wa kin it drege parkoers ôflizze? Freed en sneon is het NK beamklimmen yn de Prinsetún yn Ljouwert. It Nederlânsk Kampioenskip wurdt foar it earst yn Fryslân hâlden.

Beamfersoarger Nathan Roosnek - Foto: Omrop Fryslan

De dielnimmers komme út Limboarch en Brabân, mar ek út Dútslân en België. Der docht ien Fries mei en der sit in Fries yn de sjuery. By de spannende wedstriid wurdt bepaald wa't de bêste beamklimmer is. Dielnimmers moatte punten skoare op ferskate ûnderdielen, bygelyks speedclimbing en rescueclimbing, wêrby't de dielnimmer in minske út in beam rêde moat.

It NK beamklimmen wurdt hâlden foar beamfersoargers. It berop beamfersoarger is net sa bekend, dêrom wurdt dit kampioenskip hâlden. De beamfersoargers fine it ek moai om mei kollega's wichtige ûnderdielen fan it wurk sjen te litten, yn wedstriidfoarm. Sneon is de finale en wurdt de Nederlânske kampioen beamklimmen bekend.

(advertinsje)