Pear bedarret by Sumar mei de auto yn it wetter

02 jun 2018 - 18:30

Op de krusing fan de Lânsbuorren mei de Houwinksreed yn Sumar is sneontemiddei in pear mei de auto yn it wetter bedarre. Hoe't dat barre koe is noch net bekend. Ut foarsoarch waard in dûkteam fan de brânwacht oproppen om har út de auto te heljen, mar dat hoegde úteinlik net yn aksje te kommen. In ambulânse hat it pear ûndersocht, mar se blieken net ferwûne te wêzen.

It echtpear bedarre mei de auto yn in sleat - Foto: De Vries Media

De auto is troch in bergingsbedriuw út it wetter helle. Fanwegen de helpferliening waard in part fan de krusing ôfset.

Trefwurden: 
ûngelok Sumar
(advertinsje)