Ald Cambuur-trainer Marcel Keizer nei it Midden-Easten

02 jun 2018 - 16:58
Foto: Martin de Jong

De eardere Cambuur-trainer Marcel Keizer reizget nei de Feriene Arabyske Emiraten. Hy wurdt dêr de opfolger fan Henk ten Cate by kampioensklup Al-Jazira yn Abu Dhabi. Keizer begûn ferline seizoen as haadtrainer by Ajax, mar omdat de kluplieding net tefreden wie oer de resultaten waard er yn desimber ferslein.

Neist dat er aktyf wie foar Cambuur, wie Keizer earder ek trainer by Telstar en FC Emmen.

(advertinsje)
(advertinsje)