Neibesteanden dongûngelok Makkingea ûngelokkich mei aksje

02 jun 2018 - 15:55

Neibesteanden fan de slachtoffers fan it ûngelok mei in dongsilo yn Makkingea binne net bliid mei de aksje fan klanten fan Heeres Mix- en Pomptechniek om jild yn te sammeljen foar it bedriuw. Neffens de neibesteanden falt it bedriuw te ferwiten dat sy harren wurknimmers mei 'totaal ûngeskikte apparatuer' yn de silo wurkje litten ha. De neibesteanden ûnderfine de aksje as in 'stomp yn de mage", sa seit harren wurdfierder Harm Norbruis.

Foto: ANP

Heeres moat him takom wike woansdei yn heger berop foar it Hôf yn Ljouwert ferantwurdzje foar it bedriuwsûngelok op 19 juny 2013 yn Makkingea. Dêrby kamen trije minsken om it libben. Heeres is troch de rjochtbank feroardiele ta in boete fan 100.000 euro.

Klanten binne benaud dat Heeres dit net betelje kin en dat dit de ein betsjutte soe fan syn bedriuw. "It is in saak dy't allinnich mar ferliezers kend", sei Froukje Bosga fan Rotstergaast earder by Omrop Fryslân. Sy is inisjatyfnimmer fan de aksje om Heeres te stypjen.

Net foar neat boete

Yn in reaksje skriuwe de neibesteanden dat de boete net foar neat oan Heeres oplein is en dat der op in 'roekeleaze' wize wurke waard.

(advertinsje)